Boete foar karbidsjitters

20 okt 2011 - 10:14

Trije jonges út Twizelerheide en De Westereen binne woansdei oanhâlden om't se yn Twizelerheide mei in karbidbus oan it sjitten wiene. Doe't de plysje oankaam by it fjildsje oan De Elzen hiene de jonges fan 15, 16 en 18 jier it karbid en de bus weistoppe.

De plysjes giene fuort, mar ferstoppen har om de knapen yn de gaten te hâlden. Al gau begûn it geknal wer en koene de plysjes de jonges oanhâlde. De iere karbidsjitters ha in boete fan 100 euro krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)