Fragen oer Paal Acht

It fallisemint fan eksploitaasjemaatskippij Paal Acht op Skylge soarget foar betizing op it eilân. De Skylgers binne benaud dat it hotel mei deselde namme op it eilân ek by it fallisemint heart. Neffens it management fan it hotel is dat net sa.
Kurator Rotshuizen, dy't it fallisemint ôfhannelet, kin noch gjin kommentaar jaan op de saak. Hy is noch dwaande mei ûndersyk.