Stroetinga bliuwt by Koga

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap bliuwt by syn hjoeddeiske ploech Koga Cycling. De 26-jierrige sprinter hat it kontrakt mei twa jier ferlingd. Stroetinga hie ferskate oanbiedings fan ploegen út in hegere divyzje, mar hat besletten om syn kontinentale tiim trou te bliuwen.
Stroetinga hat dit seizoen 13 oerwinnings helle. It is noch net wis oft hy takom jier ek ynsette sil op dielname oan de Olympyske Spelen yn Londen.