Man (87) rekket rydbewiis kwyt

It rydbewiis fan in Akkrumer (87) is tiisdei ynnaam nei't hy op It Hearrenfean gefaarlik rydgedrach fertoande. De man ried op de Fok tsjin it ferkear yn. In motorplysje woe de man oan kant sette, mar de bestjoerder ried hieltyd wer fierder.
Hy ried ek ferskate kearen tsjin de motor fan de plysjeman oan. De man waard op in parkearplak oan de Tjepkemastrjitte oan kant set. It CBR sil sjen of de man noch wol geskikt is om in auto te bestjoeren.