Drankrider gelyk de sel yn

19 okt 2011 - 10:41

In 59-jierrige drankrider út Tsummearrum dy't tiisdeitemiddei oanhâlden waard, koe fuortendaliks de sel yn. De man waard op de Warmoesstrjitte yn Sint Anne oan de kant set. De man hie drank op.

Ut ûndersyk die bliken dat de man noch foar hûnderten euro's oan boetes net betelle hie. Ek moast hy noch in finzenisstraf fan 21 dagen útsitte. Dy kâns krijt de man no.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)