Ynvalidehúske bliuwt

18 okt 2011 - 20:56

Troch protesten fan Stichting de Drempel bliuwt it ynvalidehúske yn Langwar bestean. De gemeente Skarsterlân woe de garaazje dêr't it húske ynsit ferkeapje. Stichting de Drempel set him yn foar in drompelfrij Langwar en sjocht it húske as in belangryk ûnderdiel fan it projekt.

De Stichting hat jild stutsen yn it húske en docht ek it ûnderhâld. Neffens har is it tige wichtich om't fierder yn it doarp gjin ynvalidehúskes binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)