Fisk fan TS 31 te folgjen

18 okt 2011 - 20:45

Fisk dy't fongen wurdt troch de Terschelling 31 is tenei oer de hiele wrâld te folgjen. De fiskers Jan Geertsema en Barbara Rodenburg labelje alle fisk dy't se fange. Wa't de fisk keapet kin op in website sjen wêr't en wannear't dy fongen is.

De fiskers dogge mei oan dit fan oarsprong Kanadeeske projekt om't se wolle dat konsuminten in better byld krije fan de fiskerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)