Scootmobiler oanriden

18 okt 2011 - 20:31

In 88-jierrige man yn in scootmobyl is tiisdeitejûn op de Troelstraweg yn Ljouwert oanriden troch in auto. De man stuts oer en tocht dat de automobilist wol stopje soe. It slachtoffer is troch meiwurkers fan de ambulânse stabilisearre en oerbrocht nei it sikehûs.

De Verkeersongevallen Analyse fan de plysje hat ûndersyk dien nei de tadracht fan it ûngelok. By dat ûndersyk wie ien rydbaan ôfsletten. Auto's koene der om bar del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)