Reboelje om ferkearsdrompel

18 okt 2011 - 16:33

Yn Noardwalde is reboelje oer in nije ferkearsdrompel. Oant twa kear ta is ien út de dyk skroeve en sûnt dy tiid poater. De drompel soarget by guon bewenners foar argewaasje. It soe ûnmooglik wêze om der mei in oanhingwein oerhinne te riden.

Neffens de gemeente Weststellingwerf moat der al wat barre, want de auto's ride der no faak te hurd foarby. De bewenners fan wyk de Stelling binne no sels oan 'e slach om in goeie drompel te betinken. Se ha al patent oanfrege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)