Gjin deaslach foar Burdaarder

18 okt 2011 - 16:19

De Burdaarder dy't moandei mei fiif bern de sleat ynriden is wurdt net ferfolge foar besykjen ta deaslach. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. De man hie fierstefolle dronken doe't er mei de auto yn de sleat bedarre. Hy en de bern koene sels út it wetter komme.

De plysje melde earder dat de man oanhâlden wie foar besykjen ta deaslach om't er de bern yn gefaar brocht hie. Mar neffens it IM is dat yn dizze saak net mooglik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)