Timpaan krijt sportkarmerk

18 okt 2011 - 15:52

Reedrider Erben Wennemars hat tiisdei it karmerk 'Topsportvriendelijke werkgever' oerlange oan de direksje fan wolwêzensorganisaasje Timpaan Groep fan De Gordyk. It bedriuw hat trije topsporters oan in passende baan yn syn organisaasje holpen.

It giet om reedrydster Maaike Vos, reedrider Jeroen Sonneveld en bobslider Arnold van Calker. Har wurk is oanpast oan trainingstiden en wedstrydskema's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)