Spoaren fûn op skûtsje

18 okt 2011 - 15:19

De plysje hat spoaren fûn oan board fan it stellen skûtsje Vrouwe Jans. Resjersjeurs ûndersykje de ôfdrukken om derachter te kommen wa't it skûtsje stellen hat. It skûtsje fan Jan Langejans út Krommenie waard moandei by Noardburgum werom fûn, nei't it ferline wike fuorthelle wie fan it lisplak yn De Hommerts.

Neffens Langejans is der net in soad oan it skip fernield. Allinnich de doarkes wiene fernield om deryn te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)