Rioelbelesting flink omheech

18 okt 2011 - 15:15

Ynwenners fan Gaasterlân-Sleat betelje takom jier hast tsien prosint mear oan rioelbelesting. Neffens de gemeente is de ferheging nedich omdat de riolearring ferbettere wurde moat fanwege feroarings yn it klimaat. Dêrtroch falt der mear reinwetter.

Yn Gaasterlân-Sleat giet ek de ûnreplik saakbelesting omheech mei 4,5 prosint wylst de ôffalstoffeheffing gelyk bliuwt. It giet noch wol om in foarstel, de gemeenteried nimt begjin novimber in beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)