Jonge smyt tal fan fytsen om

18 okt 2011 - 10:21

In 19-jierrige jonge út Kollumerpomp hat moandeitenacht by it stasjon fan Bûtenpost foar in grutte ravaazje soarge. De jonge hie trije fytsen op it spoar smiten en ek in stik as wat op it perron. Yn de fytsestalling hie er mear as tweintich fytsen omsmiten, dy't dêrtroch skea oprûnen.

In pear auto's waarden fernield omdat dêr ek fytsen tsjinoan kaam wiene. De plysje waard tipt en nei in syktocht yn de omjouwing koe de jonge út Kollumerpomp oppakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)