Man driget mei fleismes

In 36-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is oanhâlden foar in oerfal yn Harns. Sawat 5 oere moandeitemiddei kaam de man in winkel oan de Spoorstrjitte yn. De man bedrige de kassiêre mei in mes, hy woe jild sjen. Doe't er dat net krige is er op in saneamde 'memmefyts' mei lege ynstap fuortflecht.
De plysje hat mei meardere teams op syk west nei de dieder. De fyts waard letter by in wenning oan de Prinses Irenestrjitte fûn, mei yn de fytstassen in grut fleismes.