Strjitrôvers oanholden

Yn Ljouwert binne moandei twa manlju út It Hearrenfean oanhâlden omdat se koart dêrfoar in man út Ljouwert fan syn jild bestellen hiene. It slachtoffer hie fuortdaliks 1-1-2 belle en hie ek in goed sinjalemint fan de dieders. In motorplysje seach letter op de middei yn de omjouwing fan it stasjon twa manlju dy't foldiene oan it sinjalemint.
De twa waarden oanhâlden en meinaam nei it buro. Doe't se fûljearre waarden, waard it stellen jild fûn.