Man rydt mei 5 bern sleat yn

18 okt 2011 - 09:52

In 46-jierrige ynwenner fan Burdaard is moandeitejûn oanhâlden foar it riden mei drank op. De man wie op de Hikkaarderdyk mei syn auto de sleat ynriden. De auto kaam op de kop yn it wetter telâne. De Burdaarder en fiif bern dy't ek yn de auto sieten, koene sels út de wein klimme.

Om't de plysje it fermoeden hie dat de man dronken hie is er meinaam nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat er yndie te folle op hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)