Hearrenfean-Ajax: 1-1

17 okt 2011 - 23:47

Jong Hearrenfean/Emmen hat moandei mei 1-1 lykspile tsjin jong Ajax. De Amsterdammers kamen nei ien minút al op foarsprong troch in doelpunt fan Arika. Tweintich minuten letter makke Arsenio Valpoort de 1-1. Hearrenfean krige noch in soad kânsen, mar koe de goal net fine.

Twa spilers fan Ajax krigen in reade kaart: Lesley De Sa nei't er foar de twadde kear tsjin in giele kaart oprûn wie en Ricarde Kip nei't er flak foar tiid Quinten Martinus ûnderút helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)