Akwarellen Huisman ferkocht

Twa akwarellen fan de ferstoarne Warkummer skilder Jopie Huisman hawwe moandei 20.000 euro opbrocht by in feiling fan feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts. Beide akwarellen wiene taksearre op sa'n 4000 euro. Twa oare akwarellen brochten 4000 euro it stik op en in pintekening gie fuort foar 2200 euro.
Opfallend wie de ferkeap fan twa akwarellen fan de Amelanner kaptein Willem de Boer út 1799. Dy brochten likernôch 1000 euro op.