Show Friesche Paard skrast

De hynsteshow Het Friesche Paard On Tour giet net troch. De foarstellings yn it Frysk Kongressintrum yn Drachten begjin novimber bin skrast. De orga-nisaasje krijt it finansjeel net rûn. In grutte sponsor is fuortfallen. Der binne ek kwalik kaarten ferkocht.
De inisjatyfnimmers hawwe noch besocht de show ûnder te bringen by de hynstekeuring yn it WTC Expo yn Ljouwert fan begjin jannewaris. Om't beide partijen der finansjeel net útkomme, giet dat net troch.