Strontrace fan start gien

17 okt 2011 - 13:50

Yn Warkum is moandei om de middei hinne foar de 38e kear de strontrace fan start gien. Stront- en beurtskippen farre fan Warkum nei it Súd-Hollânske Warmond en werom. Se dogge dat hielendal sûnder motor. Op de hinnereis hawwe se droege stront oan board en werom blombollen.

De earste skippen wurde tiisdei werom ferwachte. It liket derop dat de skippers dit jier in útdaging hawwe oan it waar. Der wurdt hurde wyn ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)