Dillema hat gjin seksetest hân

17 okt 2011 - 11:47

Atlete Foekje Dillema fan Boerum hat nea in seksetest hân. Dat docht bliken út notulen fan de Keninklike Nederlânske Atletyk Uny. Op sneon 8 july 1950 moast Dillema har melde by in gynekolooch yn Den Haach foar in keuring. It ynternasjonale atletykbûn hie dat ferplicht steld foar alle atleten. Dillema hat dêr nea west. Yn de notulen stiet: "Foekje Dillema heeft afgeschreven voor de keuring". Koart dêrnei waard se foar it libben skorst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)