Lieuwe Westra 8e yn Frankryk

16 okt 2011 - 17:39

Hurdfytser Lieuwe Westra is snein by in tiidritwedstriid yn Frankryk op in achtste plak einige. By dy Chrono des Nations gie it om sterke ynternasjonale konkurrinsje. Winner oer 48,5 km waard de Dútske wrâldkampioen Tony Martin.

Neist Westra hellen syn Belgyske ploechgenoaten Stijn Devolder en Thomas de Gendt van Vacanssoleil, mei in 7e en 9e plak ek in top-tsien klassearring. Westra kaam 4.10 letter as Tony Martin oer de streek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)