Winner Twichtwedstriid bekend

Twichtwinneres Wopkje de Jong
Wopkje de Jong fan De Gordyk hat de Sulveren Twicht wûn. Dat is snein bekend makke yn Harns by de ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske Boek. Fan de krapoan 200 ynstjoerings makke Wopkje de Jong it moaiste twittergedicht: Yn myn tizerige tinzen / warrelje wurden wûnderlik / twivelriedich twirrelje se / en twinge har ta in #twicht.
De oare nominearren foar de Sulveren Twicht wiene Simon Oosting, Piet Bult, Janneke Spoelstra en Pieteke de Boer.