Man oanriden op scootmobyl

16 okt 2011 - 16:49

Troch in botsing mei in auto is sneon in 70-jierrige man út Drachten mei syn scootmobyl omfallen. Hy rekke dêrby ferwûne oan de holle. In 38-jierrige automobilist út Stienwyk seach by it ferlitten fan de bernebuorkerij de fan rjochts kommende scootmobyl oer de holle.

De 70-jierrige Drachtster is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)