Ljouwerter skopt en slein

In 18-jierrige jonge út Ljouwert is freed troch trije manlju mishannele. Hy siet tsjin alf oere jûns mei in freon op in bankje op de Westersingel yn Ljouwert doe't er troch de trije mannen oansprutsen waard. Dy seine dat se him sochten. De 18-jierrige wist net wêr't it oer gie en rûn fuort mei syn freon.
De mannen giene achter harren oan en by de Pier Panderstrjitte waard de 18-jierrige slein en skopt. Hy rûn ferwûnings op oan syn gesicht en hals.