Oanlis kaden fertrage

De oanlis fan natuerfreonlike kaden yn Fryslân rint fertraging op. It giet benammen om kaden mei in swiere beskoeiïng, dêr't in dyk of in fytspaad lâns rint. Dêrtroch is it dreech en djoer om oan te passen.
Yn de Alde Feanen moat noch 20 hektare oan natuerfreonlike kaden komme. By de werynrjochting fan bygelyks de Linde en it Keningsdjip komt it Wetterskip faak yn de problemen mei besteande werynrjochtingsprojekten op it lân.