Frou licht ferwûne by brân

By in brân yn in wenning oan de Willem Lodewijkstrjitte yn Ljouwert is in frou sneintemoarn licht ferwûne rekke. It slachtoffer hie op stap west en doe't se thúskaam woe se noch wat ite. Doe't se yn de keuken dwaande wie, ûntstie der brân. Dat wie eefkes nei seis oere moarns.
It slagge de frou net om sels út har hûs te kommen. Plysjes hawwe har derút helle. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle.