Follybal Snits wint fiifsetter

(argyffoto)
De follybalfroulju fan Snits ha de earste wedstriid yn de Dela league mei 3-2 wûn. Yn Houten like Snits op in 3-0 oerwinning ôf te gean.
De earste twa sets wiene foar de froulju fan Petra Groenland: 25-18 en 25-21. Yn de tredde set koene de beslissende klappen net jûn wurde. De thúsploech wûn mei 29-27. Omdat Taurus ek de fjirde set wûn (25-16), kaam alles op de lêste set oan. Dy wûn Snits mei 15-8.