SCO krijt selsfertrouwen

15 okt 2011 - 17:44

Nettsjinsteande in 23-17 ferlies hat kuorbalhaadklasser SCO sneon dochs selsfertrouwen wûn tsjin Tempo. Trainer Robin van Dalen seach dat syn ploech mei in soad risiko kuorballe en yn dizze útwedstriid 17 goals skoarde.

Koprinner Tempo út Alphen aan de Rijn wie sawol by de froulju as by de manlju in slach sterker. By rêst stie de ploech út Aldeholtpea mei 11-6 efter, mar nei de tee kaam de Fryske haadklasser werom op 12-9. Doe't in bal fan SCO ôfkard waard, rûn Tempo út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)