Bosch grutte man ONS Snits

15 okt 2011 - 17:04

Spits Jurjen Bosch wie sneontemiddei de man fan de wedstriid foar it winnende ONS Snits. De haadklasser kaam tsjin Flevo Boys yn de 36e minút op 1-0 troch Martijn Roosenburg.

Dêrmei wie de pot op it Sudersportpark noch net spile. Jurjen Bosch starte mei in ljiskblessuere op de bank, mar doe't trainer Jan Vlap de spits ynbrocht skoarde er fuortdaliks út syn earste balkontakten de 2-0 en de 3-0. Beide kearen wie de foarset fan Curty Gonzales.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)