Twadde winst foar Harkiten

15 okt 2011 - 16:49

Troch in 2-0 thúsoerwinning op Noordwijk hat sneonstopklasser Harkemase Boys de twadde oerwinning fan it seizoen pakt. Yn de earste helte wie it spul net goed, sa wie der in soad balferlies by beide ploegen.

Pas yn de 69e minút bruts de thúsploech de skoare iepen. Ut in úttraap fan keeper De Vries koe Harkema-spits Schokker de keeper omspylje: 1-0. Noordwyk sette oan, mar út in korner fan Oebele Schokker besliste Erik Eleveld de wedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)