De Leeuw werom by Cambuur

15 okt 2011 - 12:36

Cambuurspiler Melvin de Leeuw keart snein yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles werom yn de basis. Ferline wike wie de linksbûten noch blessearre. Dat giet te'n koste fan Mark de Vries. Yn de spits spilet Martijn Barto, op links De Leeuw en op rjochts Bob Schepers.

Sintraal achteryn is der wer plak foar Mart Dijkstra. De ferdigener nimt it plak oer fan de skorste Leon Hese. De wedstriid yn Deventer begjint snein om 12.30 oere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)