Ferwerters rinne yn de reek

15 okt 2011 - 12:31

Yn Ferwert en Hegebeintum is sneon aksje fierd om minsken bewust te meitsjen fan wat der bart as it hûs yn de brân stiet. Fierder is kollektearre foar de brânwûnestifing. De brânwacht hie in reekcontainer op it Vrijhof yn Ferwert delset sadat de minsken sels efkes yn de reek rinne koenen.

De aksje wie in inisjatyf fan de lokale ôfieling fan de brânwûnestifting Ferwerderadiel en makket diel út fan de lanlike aksjewike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)