Botsing op A7
By in botsing op de A7 is in 52-jierrige frou fan De Haule ferwûne rekke. It wie op it stuit fan it ûngelok tige drok en de bestjoerders fan trije auto's moasten bot remje. Dit slagge lykwols net mear op 'e tiid en in botsing wie it gefolch.
De frou fan De Haule hie bot lêst fan de nekke en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Nei kontrôle mocht se wer nei hûs. De oare bestjoerders hiene neat.