Oanhingweinen kontroleard
De plysje hat freedtemoarn yn Ljouwert in kontrôle hâlden op oanhingweinen. Dat wie op de Heliconwei. Der waarden alve bonnen útskreaun, guon om't de lading los op it karke lei, oaren om't bestjoerders net it goeie rydbewiis hienen.
Foar it riden mei in oanhingwein is it rydbewiis BE nedich. In protte automobilisten ha dat net, neffens de plysje.