Natuermuseum: alles oer iten

14 okt 2011 - 16:07

It Natuermuseum Fryslân leart bern wêr't it iten weikomt. De kommende twa wiken is it museum feroare yn in Eet- en Weethuis. Dêr leare bern troch proefkes de herkomst fan in produkt út de supermerk en komme der sa achter hoe 't in produkt eins makke wurdt. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert iepene freed it yt- en wythûs.

Ferline jier kamen der yn seis dagen 9000 besikers. Dizze kear hoopje se op 12.000. Doel is ek dat bern entûsjast wurde foar in baan yn de itensyndustry.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)