Offalaksje wurket averjochts

14 okt 2011 - 14:17

De gemeente Skiermûntseach wol dat it projekt 'Doe mee, verlos de zee' ophâldt. Dêryn nimme minsken ôffal mei fan it strân en lizze dat op bultsjes del by de strânopgongen. De gemeente fynt it wol in sympatyk idee, mar it hat in negatyf effekt. Minsken smite der nammentlik oar ôffal by en sa ûntstean stjonkende ôffalbulten.

Frijwilligers hâlde it strân fan Skiermûntseach no skjin en dat wurket goed. De gemeente wol it sa hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)