Enkête oer wenjen op Skier

Foto: Omrop Fryslân
Skiermûntseach wol witte wat de ynwenners fine fan wenjen op it eilân. Dêrom komme se mei in hûs-oan-hûs-enkête oer it ûnderwerp. De gemeente en wenningkorporaasje WoonFriesland wolle witte watfoar huzen nedich binne en ek wat de fraach nei soarch dêrby is.
De resultaten fan de enkête wurde brûkt by de werstrukturearring fan it gebiet De Riich. Elk húshâlden krijt ien enkêteformulier.