Gerald Sibon neist seleksje

14 okt 2011 - 12:49

Gerald Sibon sit sneon by de wedstriid tsjin De Graafschap net by de seleksje. Neffens trainer Ron Jans stiet de 37-jierrige spits de ûntwikkeling fan jonge talinten lykas Quenten Martinus en Rajiv van La Parra yn 'e wei. Ofrûne woansdei is him dat meidield.

Sibon is ûngelokkich mei de gong fan saken: 'Dit wisten se fjouwer moanne lyn, doe't se my in kontrakt joegen, ek wol', seit er yn in reaksje. Sibon wol no neitinke oer de situaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)