FNP nimt Gemeentebelangen oer

14 okt 2011 - 12:45

Gemeentebelangen Lemsterlân giet op yn de FNP fan de gemeenten Gaasterlân/Sleat en Skarsterlân. Dat hawwe de partijen dizze wike besletten.

Se dogge dat om de krachten te bondeljen yn oanrin nei de ferkiezings foar de nije fúzjegemeente De Friese Meren. Beide partijen hawwe in soad oerienkomsten. Sa wiene de ferkiezingsprogramma's by de lêste gemeenteriedsferkiezings suver hast gelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)