Stellerij: Burgumer 2x oppakt
In 32-jierrige Burgumer is tongersdei twa kear oanhâlden foar stellerij. De earste kear waard er trapearre yn in winkel yn Burgum. Personiel hie dêr sjoen dat er de labels út klean weihelle hie en der sa mei fuortrinne woe. De man is meinaam nei it plysjeburo foar ferhear.
Dyselde jûns waard de man wer pakt, doe op fertinking fan stellen fan in fyts op de Damsingel yn Sumar. Hy waard opnij meinaam nei it buro en ynsletten.