Ferbeane wapens yn Sint Nyk
De plysje hat yn it hûs fan in 19-jierrige ynwenner fan Sint Nyk ferbeane wapens fûn. It giet om in luchtdrukwapen en in gaswapen. Dy binne yn beslach naam.
De plysje kaam de wapens op it spoar nei in tip. De Sint Nykster is troch de plysje heard. Hy hat in proses-ferbaal krigen.