Kleefstra: 100e fûgeltelling

14 okt 2011 - 12:21

Steatsboskbehear hat frijwillige fûgelteller Romke Kleefstra fan de Ulesprong yn it sintsje set. Dy hâlde freed syn hûnderste wetterfûgeltelling yn De Deelen. Fan 1999 ôf hat er dêr 350.000 fûgels teld. Dat is wichtich om te sjen hoe't it der mei de natoer yn it beskerme sompegebiet foar stiet.

Foar dit jier falt op dat der in soad markols en swannen binne, omdat der ek in soad ûnderwetterplanten binne. Kleefstra krige in kadootsje fan Steatsboskbehear foar syn ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)