Bunker Koehoal wer as nij

14 okt 2011 - 12:12

De opknapte bunker yn de seedyk by Koehoal wurdt op freed 14 oktober offisjeel weriepene. De bunker waard boud yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers. Se brûkten him om Ingelske fleantugen te ûnderskeppen. Nei de oarloch rekke er yn ferfal oant in stichting it markante gebou yn de seedyk oernaam fan it wetterskip.

De opknapte bunker sil seis kear yn it jier iepen wêze. Der is in útstalling oer de skiednis fan de bunker. Dit wykein is er ek iepen foar publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)