Oanpak smelle, steile opritten

De gemeente Hearrenfean pakt dochs de opritten yn de wyk De Greiden op It Fean oan. Nei in werynrjochting binne de opritten folle smeller wurden. Minsken kinne net mear goed mei de auto op it hiem komme. In soad opritten binne boppedat sa steil dat it mei in rollator of rolstoel ek dreech is om der by op te kommen.
De gemeente woe der earst neat fan witte, mar neidat it CDA alle klachten sammele hie, erkenden se it probleem. De opritten wurde no oanpast.