Roemenen fertocht fan ynbraak

De plysje fertinkt twa Roemenen fan sân ynbraken. Fiif wiene bûten de provinsje en twa yn Surhústerfean. Dêr soene se dizze simmer ynbrutsen hawwe yn twa wenten. By ien dêrfan kaam de plysje harren oer it mad. Yn it hûs fan de Roemenen yn Ljouwert waarden ûnder oare sieraden, dvd-spilers en spulkompjûters fûn. Ut ûndersyk die bliken dat it guod stellen wie. In diel is al werom by de eigner. De Roemenen moatte meikoarten foar de rjochter ferskine.