Hjerstfakânsje wurdt drok

Soad toeristen ferwachte yn Fryslân
De rekreaasjeûndernimmers yn Fryslân ferwachtsje in drokke hjerstfakânsje. Der is noch genôch plak foar minsken dy't nije wike nei ús provinsje takomme wolle, mar neffens de ûndernimmers wachtsje in hiel soad minsken op de last-minute oanbiedings.
In protte minsken litte har plannen ôfhingje fan it waar. Foar de earste dagen fan de hjerstfakânsje binne de waarberjochten prima.