Sinteklazestriid foarby

13 okt 2011 - 20:31
Sint ek op de Skrâns

De Sinteklazestriid yn Ljouwert liket fan de baan. De Goedhillichman komt op 12 novimber sawol yn de binnenstêd as op De Skrâns oan. Winkellju yn dy lêste strjitte wienen poerrazend doe't bekend waard dat de Sint op de dei fan de yntocht dêr net mear komme soe. De ferkearssituaasje soe te gefaarlik wêze. Oerlis tusken de winkeliersferienings hat foar in oplossing soarge, al moat der noch wol praat wurde oer eksakte tiden en de rûte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)