Wer ynbraak yn Wiidpleats
Op 'e nij grutte skea by in ynbraak yn it gebou fan It Fryske Gea yn de Alde Feanen by Earnewâld. Fjouwer wike lyn wie de Wiidpleats ek al it doelwyt fan ynbrekkers.
Yn it gebou sitte It Fryske Gea en it Frysk Lânboumuseum. Der is jild stellen - sa'n 1000 euro -, mar de skea is folle grutter. Dy is mear as 10.000 euro.